Nieuws

Sinus Abma ferstoarn (1924-2015)


Op snein 30 augustus is ús earelid Sinus Abma ferstoarn. Hy is goed 91 jier wurden. No wie dy hege leeftyd net sa’n segen mear foar Abma. De leste kear dat ik him besocht, hie der gjin nocht mear oan it libben. ,,Ik wol wol graach dea”, sei er. Dat wie op syn keamer yn it dr. Wumkeshûs. De Harmonie spile dy jûn yn de rekreaasjeseal, mar hy hie de moed net mear om der hinne te gean. In jier earder wie dat oars. Doe siet er foaroan by ‘syn’ korps en wie er nei ôfrin fol lof oer de muzyk en de dirigint. ,,Dy stie der mar strak foar”, sei er. ,,En wat ha ik in moaie jûn hân. Je fleurje der fan op.” En as Sinus dat sei dan betsjutte dat wol wat, want as er net genoaten hie, sei er it ek. It libben yn it bejaardehûs hoechde om him net mear. ,,We wachtsje hjir mar op ‘e dea”, foeterde er dan. Abma hie altiten warber west yn de polityk foar de FNP, skreau hast alle dagen oer de fûgels yn syn tún en der gie gjin dei foarby dat er net op ‘e bugel spile. Oant op hege leeftyd gie er noch nei it Senioarorkest. Doe wie er al gjin spyljend lid mear fan de Harmonie, mar as earelid wie der foar altiten ferbûn oan de fanfare fan Snits. It moast al raar rinne woe der de jierfergadering fersitte en foar de deadline fan de Harmonische Klanken hie Abma altiten wol in stikje klear mei in boadskipke as in anekdoate.  En by de konserten siet der mei in kritysk ear yn ‘e seal. Hy hold stiekem alles wol wat yn ‘e gaten en fitere de leden op de jiergearkomste oan ‘jimme moatte al oefenje’. Us earelid Sinus is net mear.  Op syn roukaart stean de wurden fan Abma syn maat en doarpsgenoat Douwe Tamminga:

 

Betink, it stof giet wer yn ierde ûnder,

Lyk as it wie wol ieuwen oer ien boech,

De geast lykwols keart wer werom, o wûnder,

Ta God, dy ’t him de earste sike joech.

 

Cees Walinga

 

De begraffenis fan Sinus Abma wie op freed 4 septimber yn ‘e tsjerke fan Ysbrechtum. In delegaasje fan de Harmonie hat der spile. Elske hat op it lest by it utdragen op ‘e bugel it Bliuw my neiby spile.

 

advsinus