Nieuws

Harmonie tsjin skrappen Muzyk Maskelyn


‘De bile sette yn Muzyk Maskelyn docht safolle minsken sear yn Fryslân. Dat moat net gebeure’, seit Durk Dam foarsitter van de OMF nei oanlieding fan it beslut fan Omrop Fryslan om it programma te skrappen.

,,As der gjin opnames mear makke wurde fan konkoers en kampioenskippen kinne dy ek net mear utstjoerd wurde. Dat is in strop foar de amateurmuzykwrâld”, seit Dam. Hy hat al in brief nei de provinsje stjoerd om te wizen op de gefolgen fan dit beslut.

Fryslân is in blaasmuzykprovinsje mei mear as 10.000 muzikanten. Boppedat wurde grutte blaaseveneminten lykas de Nederlânske brassbandkampioenskippen fanút Fryslân organisearre. Muzyk Maskelyn nimt dy eveneminten al mear as tritich jier op en is dermei wichtich foar de sektor.

Omrop Fryslân nimt de maatrigel omt se besunigje moatte. De Omrop seit dat de blaasmuzyk net fan de stjoerder ferdwine sil, mar krekt yntegreard wurde sil yn oare programma’s. Dat giet der by de korpsen net yn, want as der gjin opnames mear makke wurde, is der ek neat om heare te litten.

De Harmonie, dy’t inkele trouwe harkers fan it programma hat, fynt ek dat de Omrop sa’n stikje Fryske kultuur net samar oan ‘e kant skowe kin. Fryslân is de provinsje mei yn elts doarp en sted in korps en as dat net te hearen is op de eigen Omrop dan klinkt dat krekt sa as de 1 aprilgrap fan de Omropfreonen fan ferline jier, doe’t se in Hollânstalige utstjoering makken: nearne nei en kultuurfrjemd.